Hieke (7) har mem kriget ynkoarten wer in lytse poppe. As Hieke in ierdbeidessert iepenmakket, treft se it net: “Mem! Der sit allegear fruchtwetter op!”
Bernepraatsje ynstjoere →
Alwer in Fries!
Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de moaiste poppe fan de wrâld? Upload dan in moaie foto! De foto komt hjir op de webside, op ús socials en in oantal fan dy poppen krije in plakje yn it blêd ‘heit&mem’. Wa’t dat wurde is in ferrassing!
Foarlêsklup
Meisto graach foarlêze? Fergees foarlêsferhalen foar dy ast dy no oanmeldst by de foarlêsklup!
Meld dy hjir oan!
De 10 beste foarlêstips!
Foarlêze is in feest! Oerdeis of foar it sliepen gean, it kin allegear en dyn bern sil dat spesjale momint altyd by him hâlde. Foarlêze hat ek nochris in posityf effekt op de wurdskat, spelling en tekstbegrip. Hjir in oantal handige tips om it measte der út te heljen.
Resinsje Achlum Nobusco en de monsternimmers troch Olga
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hy wennet al trettjin jier yn ’e skieppeskuorre ûnder oan ’e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal.